Menze R Wouda
De Chevrolet ' 48 fan Menze R Wouda. Wouda hie doe syn bedriuw yn it pân dêr't letter Klaas Scherjon wenne. Yn 1960 fêstige er him yn Dronten mei syn elektro-technysk bedriuw sa't op de sydkant fan de bestelwein oanjûn is. It bedriuw bea doe oan sa'n 60 persoanen wurk. Dat de Fam. Wouda ús doarp nei har ôfreis altyd in waarm hert tadrage bleau, tsjûgje de skinking fan de skitterjende kroanljochter yn de Herfoarme Tsjerke fan ús doarp. Menze Wouda ferstoar yn 1976 op 63 jier âld.